Geen evenementen |
do 19 dec 2024 Oud papier Mantgum |
Mantgum skinkt oandacht oan de oerfal op it gemeentehûs yn 1944. Op 6 desimber 1944 pleegden trije fersetsminken in wapene oerfal op it gemeentehûs yn Mantgum. In fjirde fersetsman hie earst alle telefoanlinen op it postkantoar trochknipt. No koe boargemaster De Vries syn freonen fan de Sicherheitsdienst yn Ljouwert net mear skilje. De bút: 1700 persoansbewizen.
Wa wiene dy fersetminsken? En hoe is ‘t mei hun ôfrûn – namen de nazi’s wraak? De sjoernalist Ate de Jong hat it útsocht en fertelt deroer op snein 27 maart, om 11 oere yn de Wjukken yn Mantgum.
Foar it skoft sjongt Inez Timmer lieten oer oarloch en frede.
Kaarten à € 10 binne te reservearen by Ate de Jong, tel. 06 22382622. Der leit ek in reservearingslist yn De Wjukken. De opbringst giet nei de minsken yn Oekraïne.