Geen evenementen |
do 19 dec 2024 Oud papier Mantgum |
Op de lêste sneon fan de simmerfakânsje fûn yn Mantgum dit jier de ‘Boppeslachdei’ plak. In team fan frijwilligers hat harren ynsetten om foar mear as 250 sportivelingen en belangstellenden út it doarp dizze dei te organisearjen. “De opbringst is foar it finansierjen fan ús Plan Boppeslach”, seit ien fan de initiatyfnimmers fan Plan Boppeslach. “We ha in leuk, sportyf programma foar ús ynwenners, dêr’t moeting sintraal stiet. Wy hoopje fansels dat wy hjoed jild ynsammelje, mar we wolle ek minsken enthousiast meitsje om tegearre mei ús de hannen út ’e mouwen te stekken!” It doarpsplan hat as doel om fan it gemeentlik baggerdepot oan de râne fan it doarp, in boarters- en rekreaasje plak te meitsjen. Ek sil der in beweechtún komme op it sportfjild en sil it Wjukkenterras oanpakt wurden.
Sa’n 50 fytsers starten om healwei twaen foar in fytspuzzeltocht. Nei sa’n 35 kilometer kamen de earste fytsers werom, de measten nimme plak op it terras op it sportfjild. Dêr is dan ûndertusken it keatsen, fuotbaljen, tennisjen en Jeu-de-Boules begûn. Foar de bern wie der in live muzykbingo en springkessens. “De sportferienings drage Plan Boppeslach in waarm hert ta en ha ús holpen mei de organisaasje, dêr binne wy hiel wiis mei”.
Ynwenners dy’t noch nea keatst ha, waarden dizze dei útnoege om dit ris te besykjen. Sa stiene mar leafst 66 keatsers op it fjild, fan hampelman oant pró. Op de tennis- en Jeu-de-Boules banen waard sportyf mar ek fanatyk striden om de ear. “Ik ben deze zomer verhuisd, vanuit Frankrijk naar Mantgum. Na ontvangst van de Boppeslachdei-uitnodiging, hebben wij ons aangemeld; ik voor tennis, mijn dochter voor het voetbal. Wat is dit is een fantastische manier om het dorp en haar inwoners te leren kennen”, sa seit ynwenner Arjen van Cappelle. De Syryske famylje Ayoubion dy’t al in skofke yn Mantgum wenje, wie ûndanks alle útgeande ynformaasje, noch net op ‘e hichte fan it nije Boppeslach plan. Teagearre mei in doarpsgenoat binne sy langs de moodboards rûn. “Dit is fantastisch”, seit heit Ayoubi “Folders lezen in Nederlands taal lukt, maar in Fries is te moeilijk. Maar, wat kan ik doen?”. Hy waard op it oanmeldingsformulier foar frijwilligers wezen, wat Ayoubi mei in grutte, serieuse glimk ynfold hat. “Dizze dei soarget foar belutsenheid en ferbining yn it doarp”.
Wannear’t de sporters by it skimerjen fan de nacht oanein binne, wurdt op it terras noch efkes neipraten. “It wie yn Boppeslach”.
Meer info en foto's via Facebook van Boppeslach