do 13 mrt 2025
 &nbspOud papier
 &nbspMantgum
 do 13 feb 2025
  Oud papier
  Mantgum
 do 13 mrt 2025
  Oud papier
  Mantgum

Berneiepenloftspul 2025

Berne Iepenloftspul spilet yn 2025: Aladdine en de Wûnderlamp(ewinkel)

Mar leafst 65 bêrn weagen de stap om harren op te jaan foar de audysjes fan BIS. Yn 2 rondes bleauwen d'r 29 oer dy't yn juny op 'e planken stean yn Easterwierrum. Tydens de kickoff ein januaris moeten de bern, âlders, artistiek tiim en it bestjoer inoar en waard it stik fan 2025 bekend makke. De titel fan it stik soarge fuortendaliks foar ferwarring. Hin, Aladdin is dochs in jonkje? Mei it 'BIS sausje', wer't Peter Sijbenga hannen en fuotten oan jûn hat, kin alles en sa docht blyken dat wy Aladdine moetsje, it earme famke dat yn in oar lân op strjitte libbet. Yn dizze nije bewurking fan it âlde Arabyske mearke út Tûzen en Ien Nacht nimt it famke ús mei op reis mei winsken, op syk nei de Wûnderlamp yn de Wûndergrot en sjoche wy hoe't dynamieken tusken minsken soargje foar rare bokkesprongen. De sketsen foar it dekôr en de klean binne klear, de commissies mei fêste minsken en âlders stean yn 'e startblokken en wy hawwe d'r sin oan om de kommende moannen ús nekke út te stekken. Fan 19-28 juny binne de foarstellingen. De kaartferkeap giet los op 1 april fia de website www.berneiepenloftspul.nl. Kinst BIS ek folgje op Instagram en Facebook (BIS Berneiepenloftspul).

BIS winsket elkenien in moai stikje kultuer ta en hopet jimme te sjen!