Frisia 1874 is de tonielferiening fan Mantgum mei in eigen bestjoer.
It is ien fan de âldste tonielferienings fan Fryslân. It lêste nijs kin jo folgje op Facebook: www.facebook.com/Frisia1874 en yn de Mandeguod.
Elts jier waard yn de maitiid in tonielopfiering dien, yn de Wjukken. De ôfrûne jierren is yn plak dêrfan keazen foar “Tusken Tsjerke en Kroech(TTeK)”’ in 9-tal lytsere optredens op lokaasjes yn it doarp, op de earste sneon yn april.
Lid wurde kin foar € 8,- p.p. as € 20,- foar it hiele gesin.

Kontakt: 058-2504321 (Mieke Peenstra)