Tusken Tsjerke en Kroech 8

Foar de achtste edysje fan "Tusken Tsjerke en Kroech" hawwe wy it program wer klear! Jimme kinne in kar meitsje út trije rûtes mei njoggen ferskillende ûnderdielen, dizze formule folgje wy no al jierren en dy foldocht ús en de besikers tige. 

It is elk jier wer spannend oft wy út eigen doarp ek wer minsken fine kinne dy't mei ús de ûnderdielen fulle kinne en wolle en ek dit jier is ús dat slagge; mear as de helte fan'e ûnderdielen wurdt fuld mei doarpsgenoaten en sa heart it winliken ek, wy binne fan oarsprong no ienkear in toanielferiening út Mantgum.
Sa hawwe wy trije rûtes opsteld, mei yn eltse rûte in seker ferskaat, toaniel, muzyk, ferhalen, dûnsen, folle net genôch. En fansels begjinne wy om 17.00 oere yn'e tsjerke, mei in ferrassingsprogram, dat dit jier ûnder oaren yn it teken stiet fan de Simmer, folge troch in miel iten yn'e Wjukken. Dêrnei, likernôch om sân oere, geane wy op'en paad yn trije skiften, jimme kinne sels útsykje:

Giele rûte
1. Toaniel út Blije
Yn Blije hawwe se harren eigen TTeK, ien fan'e toanielploegen spilet jûn in útwedstriid.

2. Douwe de Bildt:
Ferneamd as Jorwerter, as toanielspiler, as skoalmaster en ek as skriuwer fan koarte ferhalen.
Douwe fertelt jûn in tal ferhalen of ien lang ferhaal, dat is noch net rjocht dúdlik. Mar der wurdt grif lake!

3. Folkpolitie:
docht al wer foar de sande kear mei oan TTeK. Se sjonge lieten en lietsjes yn allerhande talen, mei begelieding fan in gitaar, mar ek mei oare nuvere ynstruminten. Folkpolitie bestiet út Sien de Groot, Hinke Wolthuizen, Greetje Wiersma en gitarist, teffens lieder fan ’e groep Bauke de Groot.

Reade rûte
1. Johannes Arendz:
Jimme krije wer de kâns om Johannes Arendz syn solostik fan ferline jier te sjen.

2. Wrâlddûns & muzyk troch learlingen fan Margreet Enequist-Bos út Boazum
Multitalint Margreet fersoarget foar ús in dûns-en muzykfoarstelling dy't ús nei fiere lannen bringe sil.

3. Kom wer werom
Andries Kobus sjongt, mei begelieding fan Jan van Erp op'e fleugel, lieten mei teksten fan Baukje Wytsma, op muzyk setten troch ûnder oaren Joop Verbeke en Peter van der Zwaag.


Griene rûte
1. Theatergroep Fjoer
Baukje Stavinga en Annemarie van Esveld spylje twa koarte ferhalen fan Hylkje Goïnga en Akky van der Veer.

2. De Dichtersgroep Mantgum e.o, mei muzyk.
Sawat ien kear yn ‘e moanne skriuwe en lêze dichters út Mantgum en fiere omkriten gedichten. Foarhinne gie dat ûnder de betûfte lieding fan Elmar Kuiper, dit jier docht de groep it op eigen manneboet. Fan dizze groep sil jûn in oantal leden foarlêze út harren wurk, ôfwiksele troch muzyk foar twa fioelen en in cello mei dûnsmuzyk út 'e herberch fan alearen.

3. Kees Romers en learlingen
Us doarpsgenoat Kees Romers hat al faker op ús Mangumer poadia stien, dit jier sil er mei in tal saksefoanspilers in program foar ús bringe.

Nei ôfrin, nei 22.00 oere, sjongt ús âld-doarpsgenoat Wouter van der Wal syn program "om it kampfjoer hinne" op 'e Clinke yn'e Wjukken. Jimme kinne yn it foar kaarten bestelle fia de mail, Dit e-mailadres wordt beveiligd tegen spambots. JavaScript dient ingeschakeld te zijn om het te bekijken. of oer de tillefoan, op nûmer 058- 2504321 (tongersdeis en freeds tusken 19.00 en 20.00 oere, by Mieke Peenstra ) De kaarten kinne dan ôfhelle wurde tusken 16.30 en 17.00 oere op'e dei sels. De kaarten kostje foar net-leden € 15 / foar leden fan Frisia1874 € 5,-. Jimme kinne ús ek "like" op Facebook/Frisia1874! Of folgje op Twitter: @Frisia1874
It bestjoer fan Frisia1874