Bestel nu kaarten voor:

Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte Hân

Pietje BellWij gaan dit jaar terug in de tijd. Terug naar ongeveer 100 jaar geleden. Naar Rotterdam, een miezerige stad zonder toekomst. De kinderen gaan niet naar school, ze werken, want kinderarbeid is goedkoop. Ook op de drukkerij van “It Lêste Nijs” gaan ze alle volwassen mensen eruit gooien en vervangen door kinderen.

Piet Swarte, de nieuwe eigenaar, verandert de naam dan in “De swarte Krante” en laat de kinderen iedere dag slecht nieuws drukken, want dat verkoopt goed. En omdat werken in een drukkerij geestdodend is wordt dit jaar daarom heel saai bij het BIS. Of nee, toch niet. Want honderd jaar geleden woonde Pietje Bell in Rotterdam. En Pietje Belle trekt zich niets aan van alle armoede, is positief, zit vol grappen en met hem erbij is het nooit saai. Sterker nog, het zou wel eens een Bende kunnen worden. Vooral wanneer bekend wordt dat Koningin Wilhelmina (dat is de grootmoeder van de moeder van Koning Willem Alexander van Maxima van Oranje) op bezoek komt in Rotterdam met haar dochtertje de kroonprinses Juliaantje. Want dan komt de Swarte Krante met in speciale Sneon & Snein... Hoe of Pietje met zijn kameraden van de Binde fan 'e Swarte Hân, Piet Swarte voor het oog van de Koningin uiteindelijk op zijn nummr zet, dat blijft een verrassing. Maar een ding is zeker- daarna zal Rotterdam weer een beetje in de toekomst geloven. Met dank aan Pietje Bell en zijn Binde.

Spelers: Kinderen van groep 7 & 8 uit Littenseradiel, Script: Peter Sijbega, regie: Romke Gabe Draaijer & Sjoerd Blom, Dans: Coco de Haas & Trieneke Verbeek, Liedteksten: Peter Sijbenga, Muziek: Peter Sijbenga, Zang: Joke Krist, Licht en Geluid: Siebren Greidanus, Marius Del Grosso en Nick Bangma, Dekôr: Jan Eric Valkema, Kostuums: Wolly Prins, Souffleur: Alie Stropsma. Kijk op www.bis2017.nl voor kaarten. Dit mag u niet missen!!Pietje Bell

BESTEL NO JO KAARTEN FOAR:

Pietje Bell en de Binde fan 'e Swarte Hân
Wy geane dit jier werom yn 'e tiid. Werom nei rûchwei 100 jier lyn. Nei Rotterdam, in suterige stêd sûnder takomst. De bern gean net nei skoalle, se wurkje, want bernewurk is goedkeap. Ek op 'e drukkerij fan It Lêste Nijs sille se alle grutte minsken derút donderje en troch bern ferfange. Piet Swarte, de nije eigner, feroaret de namme dan yn De Swarte Krante en sil de bern alle dagen min nijs drukke litte, want dat ferkeapet. En om 't wurkje yn in drukkerij hiel saai is wurdt it dit jier dus hiel saai by it BIS. Of nee, toch net. Want hûndert jier lyn wennet Pietje Bell yn Rotterdam. En Pietje Bell lûkt him niks oan fan alle earmoed, is posityf, sit fol mei grappen en mei him der by is it noait saai. Sterker noch, it koe wol ris in Binde wurde. Seker as bekend wurdt dat Keninginne Wilhelmina (dat is de beppe fan 'e mem fan Kening Willem Alexander fan Máxima fan Oranje) op besite komt yn Rotterdam mei har dochterke de kroanprinsesse Juliaantje. Want dan komt de Swarte Krante mei in spesjale Sneon & Snein..
Hoe 't Pietje, mei syn maten fan 'e Binde fan 'e Swarte Hân, Piet Swarte foar it each fan 'e Keninginne, úteinlik op syn nûmer set, dat bliuwt in ferrassing. Mar ien ding is wis - dêrnei sil Rotterdam wer in bytsje yn 'e takomst leauwe. Mei tank oan Pietje Bell en syn Binde.

Spilers: Bern fan groep 7 & 8 út Littenseradiel, Skript: Peter Sijbenga, Rezjy: Romke Gabe Draaijer & Sjoerd Blom, Dûns: Coco de Haas & Trieneke Verbeek, Lietteksten: Peter Sijbenga, Muzyk: Peter Sijbenga, Sang: Joke Krist, Ljocht & Lûd: Siebren Greidanus, Marius Del Grosso en Nick Bangma, Dekôr: Jan Eric Valkema, Kostúms: Wolly Prins, Ynstekster: Alie Stropsma. SJOCH OP: www.bis2017.nl foar kaarten! Dit meie jo net misse!!